Mantgum 3 wint de finale yn Weidum

De lêste partij is de finale, en sa as Jehannes dan seit as je der dochs binne nim it dan ek mar mei.

It is in drege partij, Mantgum komt mei trije ien foar, en kânsen op fjouwer ien. Mar it wurd fjouwer trije foar Winsum. Dat giet sa troch nei 5-5 dan nei 8-8'en nei 9-9'Abe slacht us lêste Earst op, we prate al net mear oer in sekerhiedsje. Ek in it lêste earst giet it gelyk op en dan wurd it 9-9 6-6. Der hoecht neat it fjild ut want it is hast tsien oere. Der leit in knappe keats, tsien meter ut it perk, Winsum slacht op. Jehannes jout Lieuwe noch mei dat er op alles slaan mat wat beweget. Bal komt krekt oer Liuwe hinne, Jan set syn atletyske lichem ûnder de bal en mei in kateftige beweging rânselet hy de bal oant de boppe en net te ferwurkjen foar Winsum. Mantgum mei de krânze nei hûs, in knappe prestaasje fan Lieuwe, Abe, Jan, Jehannes en Klaas promoasje nei de B klasse.

Geplaatst op 13 June 2015